Rynk,
De lotting hat west. Aardich útelkoar sa te sjen. En ien ding is dúdlik. As Gert-Anne him like faak sjen lit as Giulia Occhini dan gjit it partoer van Zwieten er foar de prizen of. Want der woe ik it efkes oer ha. Do skriuwst yn ien fan dyn , overigens best aardiche stikjes, dat sy har net sa hiel faak fertoonde. En dat bin ik net mei dy iens.
Earst efkes in stikje geskiednis. Ik wie acht jier doe’t ik op sneintemoarn 3 jannewaris 1960 thús de wenkeamer ynkaam. Myn heit siet oan ‘e itenstafel, en ik seach dat hy gûlde. Dat hie ik noch nea sjoen en hy wie dêr eins hielendal de man net foar. “Fausto Coppi is ferstoarn,” sei er, en ik hearde de emoasje yn syn stim. Dat momint ha ik nea fergetten, en it wie it begjin fan myn belangstelling foar it Italiaanske wielrennen, en dan foaral Fausto Coppi.
Der kamen fansels gjin nije útslagen mear bij, mar de ferhalen oer syn prestaasjes wurden gauris werhelle. Letter switschte ik nei Felice Gimondi, Vittorio Adorni esf. Mar Fausto bleaf de reade tried.Fansels komme jo automatysk de wite dame tsjin. Mar yn alle ferhalen dy’t ik hjir oer lêzen haw, wurdt sein dat fan it momint dat se iepenlik harren leafde ferklearren yn 1953, se der altyd wie. Se ried yn elke wedstriid yn ‘e folgwein en soarge altyd en oeral foar him. (Sjoch side 132 fan Martin Ros – “Fausto Coppi: Een heldenleven” en side 72 fan Frederik Backelandt syn geweldige Fausto Coppi Bibel.) Nei it beheljen fan de wraldtitel yn Lugano yn 1953 mocht La Dame Bianca him út namme fan de organisaasje sels de kranse omhingje.
It is trouwens geweldich hoe’t Coppi noch altyd oanbean wurdt troch de Coppisti yn Itaalje. Yn 2000 kamen wy op ienich moment yn in lyts restaurant net fier fan ‘e Ponte di Angeli telâne. Wy wiene best in bytsje optein, want 2000 wie in Jubeljier. Wy binne trocht de Hillige doaren de Sint Piter binnengongen en dan binne je iyn ien kear frei fan alle sûnden.
Yn it kroechje hong oan ‘e muorre in grutte poster fan ‘e Tour de France fan 1952, wêrop Coppi syn lêste wetterflesse oan Bartali joech, dy’t folslein útdroege wie. Foar in protte Italianen is it noch altyd ien fan ‘e meast emosionele sportmominten ea. Ik rekke yn petear mei de man efter de bar (in santiger) oer dit momint. Hy wie in grutte Coppi-fan. In pear oare aldere Italianen kamen derby en wy hienen in prachtige middei. Wy krigen safolle wyn as wy woenen. Wy dûnsen en songen. En wy hoegden neat te beteljen. Sa grutsk dat der Nederlanners wiene dy’t Coppi kenden.
Der is fansels noch folle mear te fertellen oer Fausto en syn Giulia. Mar dat binne gjin bliere ferhalen. Fausto mocht mar 40 jier wurde en Giulia hat nei in ferkearsunk oardeljier yn koma lein ear se ferstoar,
Ik woe it hjir mar by litte
Moarn in goeie PC tawinske. Ik bin er troch omstannichheden net by.
Oene Hiemstra